Bondelpresintaasje Kuiper en Van der Wal

Granytglimkes en Kristus Pavlov


Hagelnije bondels fan Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal

Goeie,

Hjirby noegje Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal dy fan herte út
om harren bondelpresintaasje by te wenjen!

Elmar en Cornelis litte fia in beamerprojeksje eigenmakke fideofilms sjen en lêze ek foar út harren nije wurk.

Sytze Pruiksma en Tsjinlûd jouwe live-ymprovisaasjes en DJ Keu makket syn come-back! Piter Boersma nimt de presintaasje foar syn rekken en sil ek foarlêze.

Dit barren sil plakfine yn ‘e tsjerke fan Britswert op sneon 7 maaie fanôf 20 oere jûns. Fan herte wolkom!

De tagong is fergees. In frije jefte kin yn ‘e molkbus!

Wat: Bondelpresintaasje Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal
Wêr: Tsjerke Britswert
Wannear: sneon 7 maaie fanôf 20 oere

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of