Reaksjes op dichtersjûn yn Britswert

Daam de Vries: “Der wiene dichters yn Britswert. Dat is wat mei literatuer. Boeken en sa. En dan lêze se foar. Guon lêze de gedichten sels leaver mar ik fyn dit wol moai. En maklik. Want as ik se sels lês begryp ik der yn de regel hielendal neat fan. De ynlieding fan Piter Boersma wie ek wol goed foar myn begryp.” Lês hjir fierder.

Anske Smit: “Piter Boersma zei het na afloop treffend “Wat hewwe we een moaie joun hoan”
Onderstaand een beeldimpressie van de geanimeerde presentatie van de nieuwe dichtbundel“Kristus Pavlov” van de uit Sneek afkomstige dichter/schrijver Cornelis van der Wal. Lês en sjoch hjir fierder.

Wieke de Haan: “Nei in útstapke nei Obe Postma en Emily Dickinson, komme wy wer by Elmar út dy’t midden yn ‘e wrâld stiet en oan ’t sykjen is yn in spikerhurde wurklikheid. De skerpe rânen moatte bleatlein wurde: dat is poezy pur sang. Cornelis biedt it earste eksimplaar fan Kristus Pavlov oan Michel Dijkstra oan; filosoof en kenner fan Easterske religys, mar ek priuwer fan Van der Wal syn dichtwurk. Hy seit oer de titel fan de bondel: ‘As ik Kristus útsprek, haw ik hjir al gau in Pavlov reaksje by.’” Lês en sjoch hjir fierder.

Aant Hofstra: “Yn in fermidden fan allegear skriuwers en dichters en skriuwsters en dichteressen seach ik myn eagen út en harke ik myn earen fan de holle. Troch gedichten, ferhaaltsjes, literêre grapkes (tink ik) , útiensettingen, filosofyske beskôgingen en nei klanken en lûden fan muzikanten.” Lês en sjoch hjir fierder.

Henk van der Veer: “De fersen dy’t beide mannen gisteravend foarlazen waren ok fan un hooch nivo. Albertina Soepboer ( ‘sij is tòch wol in bytsje myn muze ’ ) kreech ut earste eksemplaar fan Elmar Kuiper syn bundel Granytglimkes, wat un prachtitel trouwens. Kollega dichteres Soepboer hield dêrna un moaie kòrte toespraak over hoe’t sij teugen ut dichtwerk fan Kuiper ansach. Cor van der Wal gaf un earste eksemplaar fan Kristus Pavlov ( al wear su’n intrigearende titel ! ) an dé kenner fan syn werk, te weten Michel Dijkstra. Un filosoof fan ut súverste water, en fan syn woarden begreep ik ut measte nyt. Mar dat sal ongetwifeld an mij lêge.” Lês hjir fierder.

Haw ik noch in ferslach oer de holle sjoen? Ik hear it graach!

Op de foto:

De Broers Fred en Cornelis van der Wal.

Hjoed sipelsop hân.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of