Ferneamde Friezen yn it Hollânsk beskreaun

Ik haw der noch net ien oer heard, no, dan ik mar! Dy dissertaasjes fan resp. Joke Corporaal oer Anne Wadman en Johanneke Liemburg oer Fedde Schurer hawwe twa Frysktalige skriuwers as ûnderwerp. Ja, ik wit it, Wadman hat ek yn it Hollânsk skreaun, mar dat stelt net it measte foar, wat kwalitieit oanbelanget.

De fraach dy’t ik stelle wol, broeders en susters, wêrom binne dizze wittenskiplike libbensbeskriuwingen eins yn de Nederlandsche taal skreaun en net yn it Frysk? No? Mei dat net? Kin dat net? Of hat it mei ferkeapsifers te krijen? Of mei de status fan beide talen? My tinkt, dat ien dy’t him foar Wadman en Schurer ynteresearret, it Frysk wol behearsket. Of dat leare wol.

No is de hear Sietse de Vries wol twongen om yn de Ljouwerter Krante in Hollânsktalich artikel te skriuwen oer dizze twa boeken. It liket op fleanen, it slacht allegear nearne op. Alle respekt foar de twa promovendi, mar dit hie net wêze moatten.

Ik krij wer in iter op besite, dat ik haw juster wer in grutte panne bamy makke.

Comments 6