Fryslân moat bliuwe

De diskusje oer de takomst fan de provinsjes yn Nederlân is folop geande. Hoe komt it mei Fryslân? De Ried fan de Fryske Beweging wol net dat Fryslân leechsûge wurdt. Wy wolle dat Fryslân as bestjoerlike ienheid bliuwt. Jo ek? Lês dan fierder en tekenje de petysje!

www.foarfryslan.nl

Utlis Petysje

Besunigings
It kabinet is fallen yn in tiid dat der neffens De Haach fiks besunige wurde moat. Mear as 29 miljard moat earne weikomme. Yn juny sil der stimd wurde. Wêr sil it jild weihelle wurde?Guon tinke dat se troch it fusearje litten fan provinsjes in protte jild besparje kinne. Dêrfoar soene provinsjes dan fusearje moatte en yn lânsdielen opgean.

Stânpunten politike partijen
D66 hat it al yn syn ferkiezingsprogramma opnommen by har útgongspunten: “Provincies laten opgaan in landsdelen”Grien Links sprekt him ek dúdlik út yn it programma: “Er wordt een krachtig en democratisch gelegitimeerd middenbestuur gevormd door de waterschappen en de provincies samen te voegen tot maximaal 7 landsdelen”. Oare partijen ha it programma noch net klear mar der wurdt rûnom roppen dat der besunige wurde moat by de oerheid. It liket derop dat mear partijen tinke oan it opheffen fan provinsjes. De kommissaris fan Drinte, Jacques Tichelaar fan de PvdA, hie it yn it Friesch Dagblad der al oer dat der in blaudruk klear leit foar in noardlik lânsdiel. Krekt foar de Peaskedagen hat in amtlike wurkgroep útstellen dien foar de besunigings. Ek dêryn stiet it fuortbestean fan de provinsjes faai. Soks bart op in stuit dat yn Fryslân krekt de gedachte libbet dat der mear foech út De Haach wei oerdroegen wurde moat nei de provinsje Fryslân. Dêr wie dochs de kommisje Hoekstra foar ynsetten? De kommisje Lodders hat okkerjiers al yn de pleit west foar desintralisaasje. As dan tagelyk oergien wurdt ta skaalfergrutting, is it effekt like gau wer fuort; sa sjit it net op. It liket op in Echternachse prosesje: twa stappen foarút en ien tebek.

Gefolgen fan opheffen Fryslân
Miskien dat yn oare provinsjes de minsken wol wat ûnferskillich foar de eigen provinsje oer steane, mar yn Fryslân leit dat hiel oars. Benammen yn Grinslân en Drinte roppe der al langer lju dat de trije noardlike provinsjes bêst ien lânsdiel foarmje kinne. Gearfoegjen of opheffen fan de provinsje Fryslân hat grutte gefolgen: sawol ekonomysk as kultureel.

It gearfoegjen fan de noardlike provinsjes sil foar Fryslân in ekonomyske delgong ynsette. It is hast in izeren wet dat dêr wer’t skaalfergrutting tapast wurdt de ekonomyske ûntjouwing plakfynt yn it bestjoerlike sintrum. Nederlân leveret dêrfoar sels it foarbyld. Sûnt 1600 is it ekonomysk swiertepunt wat langer wat mear yn de rânestêd kommen te lizzen. Wat fierder fan it politieke sintrum ôf, nammerste swakker de ekonomyske ûntjouwing en dêrtroch nammerste leger de trochsneed ynkomsten. Tichterby is Grins mei de Ommelannen in dúdlik foarbyld. Yn en om de stêd is alle bedriuwichheid konsintrearre, wylst it eastlik part stadichoan earmer wurdt. It opheffen fan Fryslân as selsstannige provinsje en opgean litten yn in noardlik lânsdiel sil alle bestjoerlike aktiviteiten nei it sintrum, yn dit gefal de stêd Grins, tasûgje. Faak sjocht men dan dat it heger ûnderwiis der efteroan giet, lykas de bedriuwen, omdat dêr fertsjinne wurde kin. It is tige oannimlik dat Ljouwert grutte parten fan syn wurkgelegenheid kwyt rekket en fierder fertutearzje sil. Dat sil net ferholpen wurde mei ekonomyske kompinsaasjemaatregels of oare stimulearringprogramma’s. Efterstannen ûntsteane troch in gebiet ôfhinklik te meitsjen fan in bestjoerssintrum fier fuort.


Kulturele ienheid
As twadde wichtich punt yn de diskusje is dat it hjoeddeiske Fryslân in kulturele ienheid is mei in eigen taal en in eigen gesicht. Mocht de provinsje as bestjoerlike ienheid ferdwine, dan sille de taal en kultuer dêr bot fan te lijen ha. Tink je ris yn: as de provinsje fusearret mei bygelyks Grins en Drinte, dan sil de fiertaal yn de steaten net mear Frysk wêze kinne. En wat komt der telâne fan de trijetalige skoalle? Kin der dan noch Frysk praten wurde by de rjochtbank en wurde Frysktaligen dan noch troch oerheidsorganen skriftlik en mûnling yn it Frysk te wurd stien? Wat bliuwt der oer fan Omrop Fryslân?

Ofsjoen fan de frjemde beweging fan skaalfergrutting yn in tiid dat der wakker roppen wurdt dat it bestjoer en de polityk te fier ôfsteane fan de boarger en de fraach oft skaalfergrutting werklik jild opsmyt of dat it allinne mar ferskowing fan jild is, is der ek noch in Hânfêst en in Bestjoerlike oerienkomst. Yn de 3e Bestjoersôfspraak stiet: “Het Rijk respecteert de bestuurlijke eenheid van de provincie Fryslân als uitgangspunt voor zijn beleid”. Dy ôfspraak is de útwurking fan art. 7, earste lid, ûnder letter b fan it Hânfêst.

Om dit de lju dy’t miene dat se yn De Haach alles mar mei Fryslân dwaan kinne ûnder de noas te wriuwen, wolle wy jimme freegje de folgjende petysje te ûnderskriuwen.

Tekenje de petysje: www.foarfryslan.nl

Oernommen fan nijs.nl

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
11 years ago

It hjoeddeiske Fryslân is twatalich en dus perfoarst net in kulturele ienheid, no.