Hylke is ús Rêder!

Ja, leave lêzerkes, omke Knilles hat lêstlyn wichtich nijs heard oer Boeken fan Fryslân. Op de side fan it Deiblêd stie lêstlyn in nijsgjirrich artikel. Ik sitearje der efkes út. Hjir stiet it hiele stik, mar ik wit dat der minsken binne dy’t net op links klikke. Ik wit net wêrom.

‘Lit ús rjochtsje op lytsskalige sutelaksjes yn doarpen, wêrby’t ferienings in part fan de opbringst hâlde meie. Dat wie ien fan de ideeën fan stifting Boeken fan Fryslân. Sneontemiddei wie projektlieder Welmoed Kuiper fan de stifting yn oprjochting te gast op de nijjierssit fan de Skriuwersboun yn Ljouwert.’

Boeken fan Fryslân giet dit dus oer. En dat soe, as ik ik goed begryp, in soarte fan opfolger fan de sutelaksje wurde moatte. Of fan it Fryske Boek. Of beide. Of sa. Mar neffens my bestiet dat hiele Boeken fan Fryslân net iens. En neffens my is Welmoed Kuiper dêr no ek al wer fuort. Mar dat wurdt net nei bûten brocht. Alwer: ik wit net wêrom. Hawwe wy gjin rjocht op ynformaasje?

Mar dat jout allegear neat: noch efkes wachtsje en de Fryske Literatuer wurdt fan de ûndergong rêden. Troch Hylke Speerstra. Yn eigen persoan. De skriuwer dy’t him omkeapje liet troch Achmea. De skriuwer dy’t fier útstekt boppe syn Fryske kollega’s.

Tresoar hat gjin each mear foar de hegere literatuer en lit de karre lûke troch in folksskriuwer. Alle krewaerjen fan Douwe Kalma en syn Jongfriezen hat omdôch west.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments