Geart Excalibur

Fannemoarn yn de bus krigen: De fal fan Camelot, Geart fan der Meer syn Fryske oersetting fan Alfred Lord Tennyson’s Idylls of the King. De achterkant fan it boek seit:

‘DE FAL FAN CAMELOT is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de bruorskip fan dy Tafel, syn houlik mei Ginevra (Guinevere), har leafde foar Lanselot, en de úteinlike fal fan Artur syn keninkryk. De persoan fan Artur giet mooglik werom op in lieder fan de kristlike Kelten, dy’t om it jier 520 de ferovering fan de eardere Romeinske provinsje Britannia troch de heidenske Angelen en Saksen, en grif ek in tal Friezen, tydlik tsjinhold. Camelot, de stêd mei syn paleis, stiet foar in besykjen om in beskaving te stichtsjen, dy’t basearre is op oarder en gesach, trou oan de lieder, it neikommen fan eden en beloften, rjocht foar elk, beskerming fan de swakkeren, hoflikens en respekt foar de oar – koartsein: it stribjen om de minsk te ferheffen boppe it dierlike, it wetteleaze, it gaotyske, de macht fan de sterkste. Artur syn ryk is basearre op hege idealen, mar sels yn Camelot loert de slange fan ûntrou, jaloerskens en ferrie, dy’t úteinlik Artur fataal wurdt. Mar nêst dy mislearring is der ek hoop: ienris komt Artur werom om opnij syn ryk te stichtsjen.’

No sa. It ferhaal fan Arthur is ien fan myn favorite mythe’s, sûnt ik as jongfeint The Once and Future King fan T. H. White lies. Letter kamen dêr ek noch de lp fan Rick Wakeman The Myths and Legends of King Arthur and the Knights of the Round Table by. Richard Wagnet ek fansels mei syn Lohengrin en benammen Parsifal. En last but not least de prachtfilm Excalibur fan John Boorman.

Bin benijd hoe’t Fan der Meer it der fan ôfbrocht hat. Mar ik sit der net oer yn.

Sil makaroany ite. Selsmakke hear.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=dv_Xcgate1M[/youtube]

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=CJYPut_Yrg8&feature=fvwrel[/youtube]

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=1-gFpeosyp0[/youtube]

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments