Dichters yn ‘e sânbak

Der binne wolris minsken, dy sizze fan ‘Knilles, wêrom bisto altyd sa negatyf wat Tresoar en sa oanbelanget?’ It is in optelsom wurden, dames en hearen. Mar ferline jier wie der in djiptepunt, neist in hiele foute mail fan Teake O. oan myn persoan, wie der ek noch de, mei troch Tresoar organisearre lêzing fan Hylke Tromp. Dêr haw ik al genôch oer skreaun. Tromp is ek behoarlik op ‘e fingers tikke, sa haw ik begrepen. En yn it ferline hawwe der ek al saken west, dy’t ik net mear hoech te neamen. Klik mar.

Mar wat oars is it belied wat foardrachten fan skriuwers oanbelanget. Dit jier hawwe wy wer de Moanne fan it Fryske Boek. De karre wurdt lutsen troch folksskriuwer Hylke Spearstra. Wa lêze der, neist Spearstra, noch mear foar yn dy Moanne? Mindert Wijnstra en Douwe Kootstra, Durk van der Ploeg, Sigrid Kingma, Machiel Braaksma, Grytsje Kingma, Sytse Jansma, Neeltje Bonnema en Bauke van der Woude, Bartle Laverman, Machiel Braaksma, Jitske Kingma, Douwe Kooistra, Anny de Jong en Bart Kingma, Machiel Braaksma, Linda de Haan, Gjalt de Groot, Yva Hokwerda, Suzanne Quak en Ferdinand de Jong. Ja, jo lêze it goed, ek de *kuch* wrâldferneamde Suzanne Quak docht mei.

Fierders: Piter de Groot, Abe de Vries, Hotso Spanninga. Ja, jo lêze it goed: ek de *kuch* wrâldferneamde Hotso Spanninga docht mei. Dan noch Auck Peanstra en Suzanne Quak (alwer). Wy geane troch: Eppie Dam, Johan Veenstra, Christine Magour, Mindert Wijnstra, Auck Peanstra. En jawis, hy koe net misse: ek Tsjêbbe Hettinga is wer fan ‘e partij.

Jim sjogge wol: fris en fleurich, it swingt de panne út!

No sille jo wol tinke: Knilles is lilk dat er net meidwaan mei, dat wie eartyds op it skoalplein ek al sa. En yn ‘e sânbak. No, it sit lykwols sa: ik wol neat mear mei dat hiele soadsje te krijen hawwe. Der binne grinzen. Mar ik bin dus ek net frege.

Haw ôfpriisde salade fan de Puis iten.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Knillesedwin Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
edwin
Guest
edwin

En net ien fan de redaksje fan Ensafh. In komplot?