Besprek de Moanne jiergong 10, nû. 5. Mei Rapportsifers!

It is wer safier. De tige ûngeregeld ferskinende rubryk dêr’t heal literêr Fryslân nei útsjocht, en de oare helte net op doart te klikken. Mar jo moatte al klikke, benammen op de links. Lear dat no in kear.

Der stiet in kreas frommeske op de foarside fan de nijste Moanne. Spitich fan dy sulveren snottebel, ek wol noas-pearcing neamd. It is de ferneamde Reina Rodina. In 7.2.

Twa kollums: Karen Bies hat it oer har húshâlding. Boring! in 4.3. Jan Folkerts: wol aardich, hat it oer ‘duorsum ‘as klisjee. Hup! in 6.6.

Dan in kollum fan Ernst Bruinsma. Ernst is wat kritysk op de útstalling fan Tryntsje Nauta yn it Frysk Museum. Mar hee, Bruinsma, Frysk Museum, hingje se dêr de skilderijen ek net skeef op? Net ûnaardige kollum hear, in 6.7.

Wol aparte bylden fan Jan Ketelaar. Komme op de foto net sa ta har rjocht. Wol ik wolris fan tichtby sjen. In 8.3!

Ah, dêr is Reina Rodina wer. Se hat in muzikaal projekt. Ik sil my daliks opjaan, as der noch plak is. O nee, it is jûn al, yn Ljouwert. De oare lokaasjes fyn ik te fier fuort. In 7.8.

Bart Kingma hat it oer Facebook. Ja, hy sit ek by myn freonen. Fierders ken ik de man net. Mar it is dochs in freon. Nuver no? It liket derop dat Bart net de Fryske ferzje fan Facebook brûkt. Fij! Dêrom straf: in 6.0

Phillippus Breuker oer Michaël Zeeman. Net ûnaardich, mar ek net folle nijs. Dat komt fansels om’t ik sa’n soad wit. No ja, in 7.0.

No sa, stikje oer gaming, fan in sekere Marieke Vinckers. Dat doch ik net mear, game. Ja, geregeld Angband spylje, dat noch al. Wol nijsgjirrich oars. In 7.4.

In lang ferhaal fan Nyk de Vries. Wy slane it efkes oer Nyk, mar ik haw der alle betrouwen yn: in 8.2.

In Hollânske kollum fan Han Steenbruggen. Jaja, wy witte it no wol, it kabinet wol de keunst ferbiede. Bin it iens mei it stikje, mar it is beroerd skreaun. In 4.8.

In tige saai stikje, beroerd fan styl, oer de kattelike earmesoarch. Skreaun troch de jo net bekende Corien Rattink. Wat moat dat stikje yn dit blêd? Slacht nearne op. Ek noch yn it Hollânsk. Bah. In 3.1

Och earme, Elske Schotanus moat nei de Voedselbank. Se koe der net in Frysk wurd foar betinke. Ik sa gau ek net. Ik fyn it al begrutlik foar Elske. Mar mei dit stikje hat se dochs wol in poarsje bamy of sa fertsjinne tink. Ik wyt net krekt wat de Moanne oan honoraria útbetellet.  Fan my in 3.2, of nee, wy meitsje der 3.7 fan. It is allegear al slim genôch.

Bouke van der Hem skreau in koart ferhaal. Dat stiet der boppe. In Ultrakoart ferhaal sels. It is ek Ultra ûnbegryplik. In 6.2.

En dan no de Topper fan de Moanne! In prachtich petear mei de geweldich goede skriuwer Dirk van der Veen. Meindert Talma skreau it. Gjin grappen: In 9.4.

De gedichten wurde no einlings ris in kear normaal ôfprinte. Der steane trije fan Tsead Bruinja yn. Net ferkeard. Neffens my al twa flaterkes op side 42: op runen en hunen is it ^ op de u fergetten. Ha dy Tsead! In 7.8.

Sjoerd Bottema hat it goed begrepen: de matearje is net allinnich sillichmeitsjend. Syn stikje giet oer harsensûndersyk. Net sa goed skreaun, mar dochs: in 7.1.

In lang artikel fan Abe de Vries oer de sjongeres Akke Kingma. Jaaaa neeee, wol in goed stik. Ik hie noch nea fan it minske heard. No al. En jim ek. In 7.4.

Net sa nijsgjirrich, it stikje fan Marrit de Schiffart oer útjouwerij Louise. Mar ek net ferkeard. Wat sille jo der fan sizze? No sa: in 6.8.

Ja, de stikjes fan Liuwe van der Meer binne wol nijsgjirrich. Dit kear oer Bach, J.S. Ik bin mear in Wagneriaan, mar dochs: in 7,4.

Anne Feddema oer fytsen yn Berlyn. Hee Anne! Dou krijst un 8.5 foor dien stukje! Ik stuur de rekening aansens wel!

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of