It riedsel fan de tweetstriid

In tweet fan John Bosma die my klikken op de side fan de Moanne fan it Fryske Boek.

Der is wer in twittergedichtewedstriid meikoarten! Is’t net prachtich. Diskear wol ik him winne, en de kânsen binne dit jier grutter, want de Hollanners meie net mear meidwaan.

Mar yndied, al wat nuver net? It giet oer de spulrigels, en dan benammen dit fragmint:

‘De ynhald en foarm is frij. De twichten moatte yn it Frysk of yn in Fryske streektaal pleatst wurde. De twichten meie net earder publisearre wêze of yn eigen behear útjûn wêze, ek net digitaal. Ek meie se net publisearre wurde foardat de priisútrikking fan de wedstriid plakfûn hat.”

Dat, as ik it goed begryp giet it sa: jo pleatse in twittergedicht op jo twitteraccount. Dat liket my in publikaasje ta. It gedicht docht dan mei oan de wedstriid, wannear’t der  #twicht bystiet. Mar dêrnei mei it net mear meidwaan, om’t it al publisearre is, digitaal yn dit gefal. Dat eh… Ik begryp der hielendal neat fan.

It sil oan my lizze.

Sil aansens bakje goedkeap iten opwaarmje.

4
Leave a Reply

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
martsjeKnillesdaam Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
martsje
Guest

Alderaardichst, dit wurdt in drege striid. Hoe pakke wy dit oan? Dan alle oprispingen mar maile? Of net meidwaan fansels. Do dochst al wer mei Knilles? Doarst dat oan? Ik miende datsto yn it lân fan de ‘oardielers’ der meastal frijwat bekaaid ôfkaamst?

daam
Guest

Wat noch simmer is, is dat ik krekt út ein sette soe mei in twitterdissertaasje oer Cornelia Twicht. En dêr sil ik útsoarte de hestakke #twicht by brûke. Mar ik wol hielendal net oan dy wedstriid meidwaan.

Sjoch hjir wa’t Cornelia Twicht is: http://www.genealogieonline.nl/stamboom-peijsel/I67786.php