Jannewietske wit fan neat!

Nee, ik bin der noch wol hear, mar yndied, net sa folle nijs de ôfrûne dagen op dit blochke. Bin drok mei in skriuwprojekt, der komt aardich skot yn. Jo hearre der mear fan. Alteast as der noch Fryske boeken útbrocht wurde kinne yn de takomst. Hat it nije kolleezje hjir ek wat oer sein? Ik haw gjin nocht om al dy politike stikken te lêzen. Mar de Fryske Literatuer hat gjin prioriteit, safolle is dúdlik. It ferdwinen fan de literêre tydskriften wit Jannewietske neat fan, en it ynteressearret har ek gjin moer. Binne Fryske boeken net op syn minst like wichtich as Tryater?

Oer Fryske Literatuer sprutsen: jo kinne de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis in hantsje helpe troch in shortlist gear te stallen, dat kin op ensafh. Moat ik noch stimadvys jaan? Nêh, jo binne âld en wiis genôch om ***** te kiezen!

Jûn pizza tink.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Stoute Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Stoute Pier
Guest

‘Er kwam zelfs een bommelding, waarvoor een zekere C. v.d. W. verantwoordelijk bleek, die hierover later nog eens een novelle schreef, waarvoor hij dit jaar bekroond hoopt te worden met de Gysbert Japicxprijs. Boze tongen beweren dat hij hoge ogen gooit. Maar dat is een ander verhaal.’
Lees verder op:
http://www.huubmous.nl/2011/06/30/andries-wordt-64/