Literêre fytstocht 10-07-2011

Drok mei allerhanne web-ynstallaasjes, dy ek noch goed foar de Fryske literatuer binne. Ja, it is wier.

Mar hjoed dan ek wer ris in literêre fytstocht makke, troch ûnder oaren de Lemmer, it doarp fan Fedde Schurer. Hy wie net thús.

En dêrnei troch Sondel, it doarp fan J.Q. Smink. Mar dy haw ik ek net sjoen. Al seach ik al in motor riden. Wie it him faaks?

It wie moai waar, al krige ik al in bui op ‘e kop. Ûnderweis Radio Tour de France beharke. Jo kinne fan alles fan dizze Tour sizze, mar oant no ta is it bepaald net saai.

Makaroany iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments