Net mei fakânsje!

In dichter giet noait mei fakânsje. Dus.

De Moanne hat in pear dagen lyn in net ûnaardich nûmer útjûn, en dan bedoel ik net it Swette-nûmer. Neat op de Swette tsjin oars, ik rin der in pear kear yn ‘e wike by del, net hielendal, mar dochs.

Nee, der wie ek in nûmer dat wol wat Trotwaer-eftichs hie. Aardige besprekken sieten der by. Mar ek wat minderen, lykas Arjan Hut oer Elmar Kuiper syn nijste bondel. Hut lêst fierders nea poëzij, allinnich de Voetbal International. Ja, en dat moat besprekker hjitte? Ek wat lyts, wat lytsbernich fan de Moanne-redaksje om net te neamen dat it filmke oer Kuiper, dêr’t sprake fan is, in ensafhilmke is! Like lyts om de namme fan in ferneamd blogger oer te slaan yn in redaksjoneel stikje. Mar sa’k al sei: fierders hiel aardich hear!

Waarmje wer eat op aansens. Iten dus.

Comments 2