Utbakt Sirkwy

Ja minsken, moarn sil it heve: de presintaasje fan Sirkwy.nl! Tresoar woe tink de oanfangstiid Geheim hâlde, mar neffens myn ynformante begjint it om 15:30 oere. In betroubere boarne hat my meidield dat Omrop Knilles in ferslachjouwer stjoere sil. Ik bin benijd. As dat allegear mar goed komt.

Ik hie noch ferjtten te melden dat ik juster ûnder it fytsen de frijwat ûnbekinde opera der Traumgorge fan Zemlinsky op ‘e mp3-earen hie. En no is it dus gjin ûnbekinde opera mear. Foar my alteast. Hiel moai, Hege Romantyk.

Ik yt jûn krieltsjes mei útbakt spek, dêr bamy-grienten troch en bamy-krûden. Dat smakket treflik mefrou, jo soene it ris prebearje moatte. Pindasaus derby.

Comments 2