Konservatyf Boekefeest?

Yn de nije Oesdrip, dy’t ik op papier tastjoerd krigen haw, om’t in Skriuwersboun mient dat ik gjin ynternet haw, stiet al wat ynformaasje oer it programma fan it Boekefeest op 16-09-2011, yn Tresoar.

Ik haw earder al mei fernuvering konstatearre dat it konservatisme wer hielendal werom is by de organisatoren fan dizze Moanne fan it Fryske Boek. Wy wolle graach nije, jonge lêzers hawwe, dy’t ek ris in Frysk Boek iepenslaan, sa hear ik geregeld om my hinne. Is dan, sa freegje ik my ôf, Hylke Speerstra wol de meast gaadlike persoan om sokke doelgroepen te berikken? En soe in optreden fan it Lemster Manljuskoar wol oantreklik foar de jongerein wêze?

En last but not least: dizze persoan lêst ek foar, en spilet faaks, wat God ferhoedzje mei, ek op syn gitaar… Koartsein: gjin eksperimten, gjin ferrassingen. Allinnich de konservo’s komme foar it deiljocht. Al wer in neile oan de deadskiste fen de Fryske Literatuer. Marrrr… It programma is noch net folslein bekendmakke. Dat it kin ek noch tafalle.

Foar in moai honorarium bin ik sels ek wol ree en lês dêr wat foar. Mar dat sil wol net trochgean, want neffens in mei troch Tresoar organisearre lêzing ferline jier bestiet der hielendal gjin dichter mei de namme Cornelis van der Wal.

Ik bin oars al fan doel om derhinne. Kin ik dan ek mei ien weromride nei Snits?

Wit noch net wat ik ite sil fannejûn. Eat mei fisk, tink.

Comments 4