Absurd Awater

Ôfrûne freed wie ik wer ris yn it moaie stedsje Grins. Altyd noflik om werom te kommen. Mar ik haw Snits leaver, dus.

Heden, heden, jo kinne dêr ek gjin stap fersette of jo komme de selsbeneamde Literatuerpaus fan Grins tsjin. Dat is dus, mient er sels, de hear Coen Peppelenbos. Prutsskriuwer en liichbist. Sjoch foar de aardichheid ris op Tzum, en dan benammen de kommintaren…

No sa, ik kocht ek mar efkes de nijste Awater, neffens my net los yn Fryslân te besetten. Myn namme waard ek noch neamd! No no no no. It is my wat. Hiel moai om te lêzen oars.

Janita Monna yn in besprek fan Albertina Soepboer har nijste bondel:

‘Er lopen twee sporen door de Friese poëzie van dit moment. Zo heeft het werk van dichters als Anne Feddema, Cornelis van der Wal en Elmar Kuiper – hoe onderling verschillend ook – zekere aburdistische trekken. En er zijn reizigers, die al dan niet daadwerkelijk wertrekken en verre landen en vreemde kusten bezingen. Tsjêbbe Hettinga geniet wereldfaam met zijn meanderende verzen, ook Albertina Soepboer is zo’n reiziger.’

Sa’k al sei: moai dat se my neame. Mar dat ‘absurdisme’… wiis dat dan ris oan? Ik bin my net bewust dat ik absurdistysk skriuw.  Soe net witte hoe’t dat moast…

Waarmje bakje ôfpriisd iten op.

 

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *