knipp’n yn ‘e slafink

Ja, ik wie hielendal frijwillich by de presintaasje fan sirkwy.nl, juster yn Liwwadden. Sa likernôch in oerke foardat ik mei de trein fuortgie stie de side al online. Der kamen daliks frijwat negative reaksjes fia de Twitter, benammen oer de kleuren fan Sirkwy. Dêr moat ik it mei iens wêze. De fergrizing slacht net allinnich by it Fryske lêzerspublyk ta, mar komt no ek digitaal ta utering. En yndied, dat is hast net te lêzen, roze letters op donkergrys. Lykwols: soks is yn feite yn in kertierke te ferhelpen. Meitsje it wat ljochter, wat fleuriger soe’k sizze.

De ynhâld is fansels wichtiger, en der stiet genôch nijsgjirrichs op. Noch gjin poëzij dus. Der wurdt blykber yn it foar al fan útgien dat dêr gjin belangstelling foar is. Mis! Hie no 60 proazaboeken, 10 berneboeken en tsien dichtbondels op de side setten. Mar goed, ik bin fansels gjin deskundige, alteast, my freegje se nea wat. Wol in frou E.S., dy’t hielendal neat fan poëzij ôf wit. It binne altyd deselde nammen dy’t de kultuur fan Fryslân bepale meie. En, oer it generaal binne dizze lju sa konservatyf as de neten.

Moaie presintaasje oars yn de Gysbert Japickcsx-seal. Bert Looper is wol in hiel oar slach direkteur as syn foargonger, dêr’t ik de namme net iens mear fan wit, dat seit genôch. In flot sprekker en presintator, mei kennis fan saken. Ik bin sels wat minder flot, mar mocht dochs wat sizze oer myn weblog. Wit net mear wat, mar whatever.

Spitich oars dat de boeken net as PDF te krijen binne. Dat wurdt dus knipp’n en plakk’n… Myn e-reader sit noch net fol…

Sil jûn ôfpriisd bakje iten opwaarmje, slafink wol’ k leauwe.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

6 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Knilles
Admin
11 years ago

Ha goeie Griene Tsiis. Sis mar do hear! Ik wie noch net op ‘e hichte mei dyn blochke, mar sil de link der bysette!

Griene Tsiis
11 years ago

Ik wie eins net sa ûnder de yndruk fan de presintaasje, al docht Bert Looper it yndied aardich.
Soene jo noch witte wolle wat jo sein hawwe freed, sjoch ris op http://grienetsiis.blogspot.com/2010/04/firtuele-literatuer.html.

Wite jo al wat jo hjoed ite sille?

Fruo
Fruo
11 years ago

Moi!

Haw begrepen dat der ek in hantsjefol studinten fan de NHL en RUG oanwêzich wienen. Spitigernôch koe ik der sels net by wêze, dat graach hear ik fan dy hoe’t harren bydragen neffens dy wienen. Hja kinne miskien wol de takomst wêze om dy fergrizing dêr’sto it oer hast te beynfloedzjen.

Ik hoopje dat de slafink dy bêst smakke hat.

ijsbrand
11 years ago

De fergrizing slacht net allinnich by it Fryske lêzerspublyk ta, mar komt no ek digitaal ta utering.

Dy teksten steane wol gewoan lêsber by de DBNL.org.

It iennichste ynteressante op Sirkwy.nl is dat it essee út ‘e _Spiegel van Friese poëzie_ út 1993 der yn .pdf opstiet.

http://www.dbnl.org/letterkunde/fries/