Kaossilator revisited

Jim sille wol tinke, wêr bliuwe dy blochkes fan Knilles de lêste tiid? Ik bin hiel drok oan it wurk mei skriuwen, dat dan ûnbrekt wolris de nocht om nòch wat te skriuwen. Mar dat komt goed, eangje net.

Hjoed noch net skreaun, mar neat dwaan is fansels gjin opsje. Haw myn Kaossilator ôfstoft en haw my der wer yn ferdjippe. Dat ding is al tink trije jier yn myn besit, mar noch net folle mei dien. It idee kaam yn my op om der mei op te treden, as stipe fan de Dichtkeunst.  Mar dan moat ik him al goed betsjinje kinne. Bin al in ein opsketten hjoed. Altyd better as in lullich gitaarke.

Optrede sizze jo? Yep, der stiet al wat op priemmen, net troch Tresoar organisearre, mar troch… Jim hearre it wol.

Sil hin mei bakte rjapppels en slaad ite.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of