Horror Makriel

No, dat is moai: Elmar Kuiper is nominearre foar de Cees Buddingh Priis. Jo witte wol, fan it potsje Marmite. Wurdt dat guod noch wolris iten? Ik mei it net alteast. Kuiper wie alris earder nominearre, foar de Fedde Schurer Priis, mar dat slagge doe net.

Nee, eangje mar net, Fryske kollega Skriuwers, Knilles hat besletten dat er net nei dy brainstoarmgearkomste sil, no moarntejûn. Ach, hokker ôfleefde, soere koppen komme jo dêr net tsjin. En bestjoersleden, dy’t jo mei geweld bedriigje… It moat mar net. Se sykje it mar út.

Haw in pear moai Hammer Horror filmkes delladen, dêr sil ik aanst ris nei sjen. Mar, ik jou ta, de Fryske skriuwerswrâld is noch folle grouwéliger. Der binne fansels útsûnderingen. Mar dêr hearre jo net by. Ja jo.

Haw spaghetty mei makriel iten. Smakke wer treflik. Juster hie ik bamy. Noch lekkerder.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of