Lichtjahre und Wolken

Moai boek oan it lêzen minsken! Es ist Lichtjahre fan Volker Weidermann. ‘Eine kurze Geschichte der deuschen Literatur von 1945 bis heute.‘ Weidermann hat him ynspirearje litten troch Klabund syn Deutsche Literaturgeschichte in einer Stunde. Von den ältesten Zeiten bis zur Gegenwart, dat hjir online te riedplachtsjen is.

Literatuerskiednis om by te gnizen. En dan sizze se dat Dútsers gjin Humor hawwe! Haw yn in pear siden al in hiel soad byleard. En nammen en titels notearre. Wol ik allegear lêze. Ik hie bygelyks noch nea fan Hans Henny Jahn en syn Fluss ohne Ufer heard. It skynt ûnlêsber te wêzen, mar wa wit…

De resepsje fan Wiedermann syn boek is frijwat wikseljend… Mar ik fyn it moai, dêr giet it om.

Sa’n literatuerskiednis soe hjir ek ris skreaun wurde moatte. Wol ik wol dwaan. It kin nea sa’n grouwélige mislearring wurde as it ‘Wolkeboek‘ , dat se oan de strjitstiennen net kwyt koene…

Aansens rjappels mit Schnitzel und eartsjes.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of