Bamy en Boekefeest

No sa, dêr wie’k al wer. It Boekefeest oerlibbe. Ach, ja, it wie al gesellich, om mar in dichterlik wurd te brûken. Ik wie net sa te sprekken oer de kwaliteit fan de reade wyn, dat ik bin letter mar oergien op bier. Jawis, dat is de ferkearde folchoarder.

En de lûdsynstallaasje stie net goed ynsteld, jo koene de dichters amper ferstean. Mar ik seur net, haw my skoan fermakke.

Ik die ek mei oan de literêre kwis, mar lei der aldergeloks nei de earste ronde al út. Buro de Vries hat, ja, it kin, in moai ferslach fan it feest makke, stiet hjirre. En dan benammen moai omdat myn namme mear as ien kear neamd wurdt. En ik kom sels ek noch oan it wurd.

Der stiet ek in sfear-ympresje op ensafh: hjir.

En ja, ik yt  jûn bamy. Jo meie it kontrolearje, mar net allegear tagelyk. Dus.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *