Obe en Fedde, it kin se neat skele + UPDEET

It is earne oars ek al nei foaren brocht, mar dat is skreaun troch ien dy’t anonym bliuwe wol, en dus net al te heldhaftich is, en dus net serieus nommen wurde kin fanwege dizze anonimiteit, dy’t nammers daliks al trochbrutsen is troch ûnderskreaune en dêr is de belutsene net sa bliid mei. In petear mei jinsels hâlde, is dat net wat apart en begrutlik? No ja, elkenien syn ôfwiking.

Pff… wêr giet dit oer? Oer de Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis. De beide mannen draaie har op dit stuit tige ûnrêstich yn it eigen grêf om, want wat is der oan ‘e hân? Der is noch altyd gjin sjuery bekindmakke en it hat al heal Septimber west. It probleem leit by de Provinsje, der wurdt gewoan neat dien oan dy prizen, de belutsen ambtners witte der neat fan ôf en it ynteresearret har ek neat. En sa sil it barre dat dizze prizen in jier (of langer!) letter útrikt wurde. Alhiel tsjin de trije jierlikse syklus yn. Allinnich mar troch sleauwigens by de Provinsje. En Jannewietske grypt net efkes yn. Dy kin it ek neat skele. Dy wit ek fan neat. Dy wol yn 2018 as in soarte fan Europeeske Heamielkeninginne kroand en huldige wurde. En ûnderwilens kinne der aansens gjin Fryske boeken mear útkomme, wylst der jild by de rûs is.

Ik sitearje ús deputearre:

‘It jild giet nei projekten dy’t de leefberens op it plattelân op peil hâlde, nei kennis en ûnderwiis, kultuer en nei de Fryske ekonomy. Dernjonken hawwe wy noch 60 miljoen as buffer, om mooglike tebeksetters opfange te kinnen. En nije kânsen te pakken.’ Dat stiet hjir te lêzen.

No sa. Ik sil oan it wurk!

Der is noch gjin waarm miel foar fannejûn betocht. Faaks letter dus in updeet.

UPDEET: BAKTE RJAPPELS FAN DE ALDI MEI SIPEL EN SPEK, DÊR ÔFPRIISD SLAAD FAN DE PUIS BY EN STIKJES HIN!

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of