Tor in Heaven

It wie my earder wat tefolle gedoch om it allegear yn te stellen, mar juster kaam der in maklike oplossing. Ik haw it oer TOR, anonym ynternet dus. Faaks koe soks al earder, mar wannear’t jo efkes in cd bakke, dy’t hjir del te laden is, en de kompjûter mei dy cd opstarte, dan wurket TOR daliks al, sûnder fierder gepruts.

En sa koe it komme, dat ik ek de romrofte site beseach dêr’t jo allerhanne drugs bestelle kinne. BNN hie der lêst in item oer. Haw ik net sjoen. Ik sjoch hieltyd minder tv. Mar yndied, alles is te krijen. Ik haw my noch net sa ferdjippe yn it frijwat yngewikkelde betelsysteem. Haw dus ek (noch) neat besteld. It luts my ek net sa bot oan. Ik sit hjir oan in sterke bak kofje, wat drugs oanbelanget begjint de dei hjir dus altyd goed. Heaven sit hjir om ‘e hoeke en de sliterij ek, dat ik hoech net daliks wat sterkers.

Jûn waarmje ik bamy op, bin’k ferslaafd oan.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of