Exit Facebook

Ik haw der myn nocht fan. Fûn der al net in soad oan, mar dit berjocht joech de trochslach. Gjin facebook hjirre. Ik sil dy ‘like’ dingen op dizze side moarn, nee letter hjoed dus, ek efkes fuorthelje.

Ik bliuw fia Twitter berikber, mar fansels ek fia it kontaktformulier. En, wannear’t  jo myn meeladres witte, is dat ek in kontaktmooglikheid.

Ja, der is ek noch soksawat as in telefoan en in doarbel, mar dat is wol sa 2010…

Haw juster in grutte, ja wat wie it, eh… stoofpot makke mei brune beane, sipels, rjappels, spek en prei. Avec knyflok, baarch, tomaten ensafh. Mei reade wyn. Kin der wol in wike fan ite tink.

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of