Abe de Slaef

Dit skreau it multytalint Abe de Vries op syn weblog:

‘ It soe lykwols goed wêze om jin te realisearjen dat Fryslân 2018 dé belangrike sosjaal-kulturele ympuls wêze sil dy’t hjir noadich is, in fûneminteel feroaringsproses en in nije dynamyk bûten de stêd likegoed as yn Ljouwert.’

Slaafsk achter de machthawwers (deputearre De Vries) en de bûltsjeblazers (Henk Keizer)  oanrinne, dat is wat Abe docht. Hy sil der sels wol in moai poepke jild mei fertsjinje. Frou De Vries hat harsels yn de LC al foar skut setten, dêr hat se my net foar nedich.  En Henk Keizer… och och, lês dat petear yn de Moanne foar de aardichheid nochris nei…

‘Ik wil onderzoeken wat de Friese identiteit is. Wat maakt ons zo bijzonder, wat is onze cultuur: de manier waarop we leven, hoe we praten, maar ook de vormgeving: hoe zien de huizen en hoe ziet het landschap eruit? We hebben een rijke geschiedenis maar ook een eigen toekomst, hoe kunnen we die met elkaar verbinden? Dat verhaal moeten we vertellen aan Europa.’

Henk Keizer is dus de saneamde ‘kwartiermaker’ fan Fryslân 2018.

Bêste minsken, wat stiet hjir no einlings? Wat moatte jo mei sok praat? Abe nimt, as opportunistytske kameleon mei syn ‘fûneminteel feroaringsproses en in nije dynamyk‘ geswets Keizer syn toan op talintfolle wize oer. Ik sis it Sjefke van Oekel graach nei: ‘Ik word niet goed!’

Ik sels soe earst meidwaan mei Explore the North, mar doe die bliken dat se gearwurken mei en reklame makken foar Fryslân 2018. Ik haw my weromlutsen. Hie tink ek wol wat fertsjinje kinnen. Mar ik bin gjin hoer.

Yn dizze tiid fan kultuerferskraling jout it gjin pas sa’n soad jild te fergriemen oan in projekt dat hielendal neat foarstelt. Brûk dat jild, want der is dus genôch jild, brûk dat jild dan om dy ferskraling tsjin te gean. Om de Fryske literatuer fuort te sterkjen.  Om Parnas en de bibletheken iepen te hâlden. En net om flapdrollen te finansierjen.

Ik hearde fan in insider dat Henk Keizer meikoarten in snoepreiske nei Poalen meitsje sil. Om bepaalde yndrukken op te dwaan nim ik oan. In jildfergriemerij dy’t skandalige foarmen oannimt.

Mar Abe de Slaef  fynt it prachtich. Dy rûkt de macht, dy wol sels de macht. Earst krûpe, en slikje nei boppe, dan, letter, traapje nei ûnderen. Jo kenne dy type’s wol.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
josse de haanGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
josse de haan
Guest
josse de haan

Cor , ik rûk gjin jild, ik wol ek gjin macht, mar ik fyn it projekt 2018 ferdomd ynteressant. As ik sjoch wat hjir yn San Sebastian – kulturele haadstêd yn 2016 – op preammen stiet, benammen wat de literatuer oanbelanget, dan kin it in goed projekt wurde.
Oant no ta haw oangeande literatuer noch neat fundaminteels sjoen wat ideeën oanbelanget, mar ik nim oan dat soks noch komt. Allinne de literatuer makket fergelike mei oare stêden en provinsjes it ferskil.

Grutte Pier
Guest

Mienskip boppe alles !
Bah! Ik bid net foar brúne boanen, no.