Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 + Updeet!

Ja, dêr wie der al, it besprek dêr’t literêr Fryslân op siet te wachtsjen.

Wat fierders ek myn krityk op dit nije nûmer is: it omslach, mei de foto fan J.Q. Smink makket in soad goed. In 8.7. Ik fyn him yn ‘e fierte altyd wat op Job Cohen lykjen.

It nije nûmer set wer útein mei twa kollums. Karen Bies hat it oer… de natoer, wol’k leauwe. Net goed skreaun. In 6.1. Grytsje Schaaf hat in folle bettere styl, mar, tsja, it ûnderwerp is net sa nijsgjirrich foar in âld, rûngear mantsje as Knilles. In 6.4.

Ernst Bruinsma hat in skerp en nijsgjirrich foaropwurd skreaun. Tige kritysk nei de Provinsje ta. Sa mei ik it graach sjen. In 8.1.

It petear fan Marita de Jong mei Smink is moai. Koe dochs oare kear wol wat djipper dolle. In 7.9.

Ate Grypstra levere in stik oer fantasy-literatuer en dan taspitst op de Fryske oersetting fan de Hobbit. Ik haw in hiel soad lêzen yn dit sjenre, oant myn 25e ta, tink. Tolkien stiet foar my op grutte hichte. No sa, in 8.0.

Heden heden, wat in hege sifers.

Kampanjenijs fan de Godfather fan de Fryske Literatuer:  Teake Oppewal. Oer Frijende Kikkerts fan Hylkje G. Jo wurde der de ôfrûne wiken mei deagoaid. It wurket foar my averjochts. In 6.2. It stikje fan Jantien de Boer, oer itselde ûnderwerp is wol aardich. Mwa… in 7.0, nee 6.9.

Hee, aardich. Poëzij fan Hans (Peter) Westin. Dy ken ik noch fan it kafé yn Ljouwert eartyds. Binne seker net ferkeard dizze gedichten. In 7.4

It stikje fan Sjoerd Bottema oer de Olympyske spullen fan ôfrûne winter is wol aardich, mar wa wol der noch oer iis en reedriders lêze, no’t de jonge griene fûgeltsjes al wer oan de beammen groeie? In 6.3.

Ah, foto’s fan Laurens Aaij. Dy hat my ek ris op ‘e foto setten. Foar… hoe hyt it ek wer, Boekenijs wol’k leauwe. Prima fint. In 8.0.

In ferhaal fan Anders Rozendal. Moat ik noch lêze. Mar och, wêrom net: in 7.0.

Andre Bralts slacht wer ta: in moai stikje oer syn problematyske ferhâlding mei it fenomeen reizgjen. In 8.3.

Aardich stikje fan in sekere Emke Bosgraaff. Einlings wat oandacht foar moderne popmuzyk. In 7.1.

In fierstente lang stik fan Jant van der Weg oer de Simke Kloostermanpriis. Min skreaun ek. Toar en droech. In 5.4.

Jaap Krol skreau in stikje oer twa films dy’t ik net sjoen haw. Och, wol aardich, in 6.8.

Peter de Haan jout in list fan histoaryske barrens yn de kommende jierren. Is wol handich, in 7.1.

In gedicht fan Harmen Wind, 6.9.

En dan no it djiptepunt fan dit nije nûmer. Elske Schotanus hat it nedich fûn om Durk van der Ploeg ûnder de seadden te wâdzjen. De agresje en rankune slacht jin temjitte. In skandalich en mislik stik. In 1.2.  Dizze ‘besprekster’ soe tsjin harsels beskerme wurde moatte.

Fan gefolgen bin ik wol sa beroerd wurden dat ik de rest net mear lêze kin.

Mar dat is jûn wol oer, meie wy hoopje, dan stiet der wer spaghetty mei makriel op it menu.

Updeet:

sjoch ris op it weblog fan Abe de Vries…

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of