Diskusje Gysbert yn streamfersnelling

Bin ik der grutsk op, dat myn brief fan ferline wike de diskusje om de Fryske literêre prizen op skerp setten hat? Fansels, al in bytsje. Mar ik koe my net langer stil hâlde, en it giet ek net om myn persoan. Fryske skriuwers wurde lytsachte troch it Provinsjaal bestjoer, dat koe ik net oer myn kant gean litte. En stikken op ynternet lêze dizze bestjoerders blykber net. Dan is de krante it oanwiisde medium.

De hear E. Hettinga hat in stik publisearre, mei dêryn opmerklike útspraken fan sjueryleden oer de gong fan saken om de GJ-priis hinne. Lês it sels mar. Net alles daliks leauwe wat H. skriuwt.

Hiel apart is dat de sjuery al oan Hettinga witte litten hat dat it in oeuvrepriis wurdt. Dat soe in goede reden wêze om Willem Verf. Ate Grypstra en Sietske de Jong fuort te stjoeren. Soks is not done en tsjin de regeleminten.

Ik sil no fierder mei it bouwen oan myn *kuch* eigen oeuvre.

Jûn waarm iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
10 years ago

Read my lips. Durk van der Ploeg hat de Gysbert !!!! Ik haw it earder sein. Dizze sjuery lústert nei Grutte Pier. Se wolle it oars mei de proseduere. Ek dat hat Grutte Pier al earder sein, no.