Iepen brief oan Tresoar

Bêste minsken fan Tresoar,

ik haw wer wat te seuren. It is wier dat ik yn it jier 2004 De Gouden Lykdoarn foar de Meast Paranoïde Skriuwer ûntfange mocht, in priis dêr’t ik noch altyd tige grutsk op bin, benammen fansels omdat er ûndertekene is troch Arjan Hut, mei wa’t ik oare wike nammers de Aldehou bestige sil, op poëtyske wize, dat dan wol wer. Mar ik dwaal ôf.

Ik sneupte juster ris yn de katalogus fan jim bibletheek om, dêr steane tsjintwurdich ek lûdsfragminten op, bygelyks dizze, dat bin ik sels, oer myn Boekekast, in radioútstjoering oernaam fan Omrop Fryslân. Moai dat it sa kin, no?

No wol it gefal dat ik sels ek efkes radio makke haw, trije moanne lang, foar Mercurius yn Ljouwert. Ik haw doe, yn it programma Omrop Knilles, in oantal petearen mei dichters hân, ûnder oaren mei Elmar Kuiper, Albertina Soepboer en Anne Feddema. Hjir is lykwols neat fan werom te finen yn de katalogus.

Binne jim ta de konklúzje kaam dat dizze petearen gjin wittenskiplike wearde hiene? Earder al, yn in ‘essay‘ oer de moderne Fryske poëzy fan de hear Hylke Tromp, dat mei mooglik makke wie troch Tresoar, waard steld dat ik gjin dichter bin, gjin dichtbondels skreaun haw. Haw ik, yn it ferlingde fan de opfetting fan Tromp, neffens jim ek gjin radiomakker west? Of is it  tiid om in nije Lykdoarn-priis oan my út te rikken? Of binne der faaks technyske oarsaken?

Dy opnamen haw ik fansels bewarre, dat, as der belangstelling is, dan krije jim dy fan my.

Neist in antwurd op de katalogus-fraach, soe ik graach sjen dat Tresoar in iepenbiere ferklearring wat dat ‘essay’ oanbelanget jaan soe. Dat mei ek, gewoan, as reaksje ûnder dit brief.

Fine jim it wittenskiplik ferantwurde wat Tromp skreaun hat? Faaks sille jim mei it argumint komme, dat de kar fan de troch Tromp behannele dichters syn persoanlike kar wie. Ik stel de fraach: is persoanlike rankune net in bettere omskriuwing?

Ik wachtsje jim reaksje ôf en groetsje freonlik:

Cornelis van der Wal, Snits

 

 

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Paranoia is a writer’s goldmine, no.