Grutte Lieder Tiemersma sensurearret Beppe Oppewal

De nijste publikaasje fan Duo von Däniken slacht oan by it grutte publyk. Ek It Nijs hie it filmke juster op har side setten.

Lykwols, in pear minuten neidat de almachtige Koos Tiemersma, de Hearsker, de Grutte Lieder fan de Fryske Skriuwers de folgjende reaksje ûnder dit, folslein ûnskuldige ferske delkwattele: ‘Sûnt wannear lient It Nijs him om de persoanlike rankunes fan dichter Cornelis van der Wal tsjin literatuerbefoarderer Teake Oppewal in poadium te bieden?’ wie it filmke fuorthelle by It Nijs. De foarsitter fan it Skriuwersboun frege dus om sensuer en krige syn sin.

De reaksjes op Twitter liigden der net om: û.o.: ‘Sensuer efterôf by de grutste yllegale kopiearmasine fan Fryslân? http://t.co/mI65edEb

Bêste Koosje fan Tutte: Duo von Däniken is in duo. Dat sjogge jo al oan de namme. Dat, om no alles op ûnderskreaune ôf te skowen giet te fier. Jo probleem is, en dat hawwe jo mien mei, bygelyks, in Abe de V.: jo hawwe gjin gefoel foar humor. En foaral gjin selsrelativearring. Dat hat Abe de V. ek net. Dikke nekken, sa neame de Flamingen soksoarte meiminsken wol. Minsken dy’t sa fol fan harsels binne, dat se de objektiviteit kwytrekke binne. In Hylke T. heart ek by dizze kategory. Soksoarte type’s wolle graach macht útoefenje. Hearskje. Oaren fernederje, platwâdzje. It meanfjild kontrolearje op oertredingen. Publikaasjes ferbiede.

It binne ek gjin echte Friezen. In echte Fries wol sels net hearskje, mar akseptearret ek gjin (would be) hearskers. As jo ek mar in bytsje Fries binne, dan binne jo anargist. En net oars. Sa is’t mar krekt.

Ik soe sizze Koos: skriuw mar wer ris in moai Frysktalich boek, dan prate wy nearne mear oer.

Haw juster bakje iten hân, jûn wit ik noch net.

Foar de de folsleinens it troch Koos Tiemersma, foarsitter fan it Skriuwersboun ferbeane ferske: Fryslân Stjonkt, fan Duo von Däniken nochris:

 

Duo von Däniken presintearret in unike opname út de jierren 30 fan de foarige ieu. It betreft in 78-toerenplaat fan de doedestiids ferneamde sjongeres en gitariste dy’t bekend stie as Beppe Oppewal. Fryslân stjonkt is in oangripend en emoasjoneel dokumint. 

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=ybsKkIE-1-Q[/youtube]

6
Leave a Reply

avatar
6 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
4 Comment authors
De Grutte LiederGrutte PierKnillesAbe Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Abe
Guest

Moai, Knilles! No hoechst ek net mear yn it wurdboek op te sykjen wat “sensuer” betsjut.

De Grutte Lieder
Guest
De Grutte Lieder

Prachtige reaksje, Cornelis. Komt grif yn myn plakboek, tige tank!

Fansels wiene de Echte Friezen fan ItNIjs, it orgaan fan de Fryske Beweging, it wol mei my iens, sjoen harren reaksje. Sa sjochst mar wer, Echte Friezen hast ek yn soarten.

Wol spitich oars datst sels ek oan sensuer dochst, dat fyn ik dan wer wat minder sterk.

Mar oer it generaal: in 7.

Jûn gjin bamy.

Grutte Pier
Guest

Wêr is de golle laits op hjoed, no?

Abe
Guest

Knilles is de fleiswurden PVV-ûnfrede mar dan oerbrocht nei de Frysk-literêre wrâld. Roppe, skelle en hune tsjin wat sjoen wurdt as establishment, mar ûnder it kopke “arguminten” stiet by Geart van der Wal altyd: “ik bin net thús”.

Grutte Pier
Guest

In echte Fries knibbelt allinnich foar it Frysk, no.