Nije literêre priis

Ik wie juster middei (en in moai part fan de jûn) yn it moaie stedsje Harns, foar de literêre ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek. Ik koe sneon gjin Treastfûgel mear krije yn Snits, dat de hinnereis moast ik sels betelje. Ik krige noch in ex. fan Wieke de Haan (tank!) dat werom wie it fergees reizgjen.

Ik haw wat filmkes makke, dy komme tink op ensafh te stean.

It grutste nijs is lykwols, en leau my, it is gjin grap: der wurdt wurke oan in nije literêre priis foar Frysktalige literatuer, sponsere troch in ‘Provinsjale Bank’. Trije kear riede. It wie de skriuwer fan it earder neamde boek, dy’t my dit persoanlik meidielde. As ik it goed begrepen haw, dan is it hjiroan keppele prizebedrach € 25000,-

Waarmje bakje iten op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of