Dit en dat en nochris wat

Alderearst wol ik jim ek noch wize op de boekpresintaasje yn it kafé fan Wiuwert, no sneon. Hidde Boersma syn nije boek wurdt ten doop hâlden. Ik lês ek wat foar. Ja, dat wurdt in drokke dei sneon!

En dan noch it folgjende:

meastentiids krij ik in mailberjocht wannear’t der reaksjes op myn blochkes komme. Dat is efkes misgien, want ik fûn noch in pear op it Duo von Däniken-item. Foar de goede oarder: Duo von Däniken bestiet út Anne Feddema en Cornelis van der Wal. Hjir steane de niisneamde reaksjes. Mar fansels ek oan de rjochterkant fan de blochke.

Jûn wer wat iterij betinke.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of