Ja, it like earst noch wol in aardich projekt, de Nachtrider. It soe in soarte fan literêr nijs-dinges wurde moatte. Abe de V. wie yn feite úteinset mei in ienmanstydskrift, want dat der ek noch oaren oan meiwurkje: wa leau’t dat? Dat kin ik ek wol, yn in oare styl skriuwe, en mei sin taalflaters meitsje.
Daar trappen wij niet in meneer!
Yn it foarste plak: as jo serieus nommen wurde wolle, dan is in blogspot-dinges fansels net sa handich. Dan soene jo in .nl-dinges meitsje moatte. Mar dat sil wol te djoer en te dreech foar De V. wêze.
Yn elts gefal: de boel leit stil by de Nachtrider. Al trije dagen net fernijd. Total loss, haw ik it op.
Fansels sil der, nei oanlieding fan dit blochke, noch ien as mear berjochten pleatst wurde, om myn ûngelyk te bewizen.
Mar dêrnei sil it oer en út wêze foar Abe syn nije boartersguod-autootsje.
Ik meitsje jûn tink stampot boerekoal mei flesk.
Post a Comment