Ynterne soerkoal

Jo sille wol tinke, hat dy Knilles neat mear te melden? It liket de Nachtrider wol!

Is er net mear lilk op allerhanne autoriteiten? Jawis hear, noch altyd ferskriklik boas!

Mar ek tige drok mei fan alles. Oer in pear dagen sjogge jo it resultaat.

Bin fierders dwaande mei in stúdzje oer de Frânske dichter/skilder Max Jacob. Dy die ek oan astrology, en fierders fiel ik noch wol mear besibbens mei de man.

De boel ek wer ris yntern ferhuze. De lytse studio stiet no yn de wenkeamer. Dat kin om’t it fentilaasjesysteem, dat krekt ferfongen is, hielendal gjin leven mear makket, dat ik kin hjir moaie opnamen sûnder bygelûden meitsje. Niiskrekt  *** foar de mikrofoan hân. Geheim!

De horoskoop fan Max Jacob

Jûn stampot soerkoal opwaarmje. Schnitzel bakke.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of