Lessen foar de Nacht-Abe

Pfff… noch in soad wurk te fersetten hjoed en moarn, mar dan hawwe jo ek wat. In hiele nijsgjirrige ensafh no freed, soe’k tinke. Mar ik bin net alhiel objektyf fansels. Yn elts gefal: 28-10-2011 om sa’n 17:00 oere hinne mar efkes delkomme allegear.

Ek net alhiel objektyf is, dêr hast him wer, de Nachtrider. Mar dat moat kinne. Lykwols, dochs spitich dat Abe noch altyd net goed wit hoe’t dat wurket, dat ynternet. Hy skriuwt oer in artikel út it argyf fan de LC. Moat kinne. Ik begryp dan lykwols net dat der gjin linkje lein wurdt nei dat betreffende artikel. Abe moat noch in soad leare. Mar ik bin net te beroerd om de bêste man efkes te helpen. Ûnder dizze link sit de pagina mei dat artikel. Wie dat no sa slim? Nee wol? Oare sels mar besykje. Alle begjin is dreech.

En please, hâld dochs op mei rigels as: ‘.. it projekt Fryslân 2018, de ambysjes dêrfan, de kânsen dy’t skipe wurde kinne, de mooglike útstrieling fan sa’n barren…’  Ik bin allergysk foar sok geswets.

Fryslân 2018 is dea. It begjin wie al hielendal ferkeard, troch allinnich by de bobo’s del te kommen, en de keunstners net te riedplachtsjen. No bliuwt der moai wat jild oer om de besunigings op kultuer werom te draaien.

Mar wer ris bamy meitsje jûn, tink.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of