No, dat wie in hiele put, de nije ensafh, mar bin bliid dat it der opstiet. Ek in filmke fan my, oer Durk van der Ploeg, en foar de feroaring net iens satirysk kwa opset. Sa kin it ek, dus.
Moai dat de wintertiid fannacht wer yngiet, lekker betiid tsjuster, dat is goed foar in heechromantysk dichter.
Ik sil hiel hurd oan it wurk, wat skriuwen oanbelanget, en bin fan doel sa min mooglik der op út de rest fan dit jier. Wa’t my hawwe wol: ik sit thús. Wit net hoe’t it gean sil mei dit bloch, faaks wat mear muzykfilmkes as gebrûklik. Mar wy folgje de aktualiteit al fansels…
Jûn dan dochs mar bamy meitsje, dat soe lêst al, mar ik hie der gjin tiid foar.
Comments 2