It Swijen fen it Boun

Oare wike tiisdei is de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis. It sil wol oant oare jier duorje foardat de oare literêre prizen, de Fedde Schurer–  en de Obe Postmapriis útrikte wurde kinne. Dat allegear fanwege skandalige sleauwens en des-ynteresse by de Provinsje. Dêr is op dit plak, en yn de LC,  al it nedige oer skreaun. Mar efkes skrolle, pake.

Lykwols, wat my yn dizze hiele diskusje bot opfoel, dat wie it swijen fan it bestjoer fan It Skriuwersboun. Gjin wurd kaam harren oer de grize lippen. Taal noch Teken.

Nee, ik bin gjin lid mear, dat hat tink twa, trije moanne duorre. Faaks wat foar it Guinness Book of Records? Ik krige myn € 25,-  ek net werom. Wy moatte mar hoopje dat it jild foar in goed doel brûkt wurdt.

It Skriuwersboun hat ek in webside. Kwa uterlik noch ien út de foarige ieu. Dizze side hie fansels in moai poadium west foar it bestjoer om harren miening oer de gong fan saken te jaan.

Mar de side wurdt al in hiel skoft net mear byhâlden. Ik meitsje my wat ûngerêst. Libje de bestjoersleden noch wol?

Jûn bamy opwaarmje.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
KnillesKoos Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Koos
Guest
Koos

Moai datst dy soargen makkest, altyd goed te hearren hoe belutsen ast bist. Wy hawwe yndied neat fan ús hearre litten oer de prizen. It Skriuwersboun hat lykwols net stilsitten en in brief oer dit ûnderwerp opsteld. Dat wy dy brief noch net ferstjoerd hawwe en ek fierder swijden hat te krijen mei ús stânpunt dat in priisútrikking in feest heart te wêzen en alhiel foar Durk van der Ploeg. Wy fine it wol sa netsjes sokke saken nei de útrikking oan te kaarten. Ik hoopje datst sa wer wat fleuriger troch it libben kinst!