Sensuer by de Nachtrider! En by Abe!

No, it moat net mâlder. Hmm… ik hie it efkes kopiearje moatten, mar dit is sa likernôch wat ik as reaksje skreau by in blochke op Abe de Vries syn Nachtrider:

‘Ha dy Abe! Wat is it dreech net, dat ynternet. Hjir stiet in linkje nei de reaksje fan Koos Tiemersma. Oare kear sels ris besykje?’

Dat wie alles. Abe fûn it te fier gean en hat it fuorthelle. Ik haw by Abe syn oare webloch, it wûnderbaarlike fiskfangst-bloch ek in reaksje jûn, dizze:

‘Ha dy Abe! Sjoch, witte jo wol, dit is ynternet. En dêr hearre trochferwizingen, oftewol links by. Ik sil jo noch efkes helpe. Hjir stiet myn nijste bloch mei dêryn wèr in trochferwizing, ja it is yngewikkeld, no, nammentlik nei it troch jo memorearre artikel fan Michel Dijkstra. Moai dat jo dêr efkes oandacht oan besteegje en noch in noflike dei!’

Dy sil er dan ek wol fuorthelje aanst. It is my wat. Ja, ik sjoch no dat it ferwidere is. En dan my beskuldigje fan sensuer! Wêr moat dat hinne mei de wrâld.

Comments 1