Koweletters op it buro

No, de Omrop hat in nije side. Ik bin der net sa oer te sprekken… Wêrom dy koweletters? Der binne ek brillen te keap. By de Action bygelyks, foar in pear sinten.

En der is ek gjin nijsrubryk mear mei it kopke Frysk/kultuer. Yn ien kear ôfskaft dus, de kultuer. Wat dat oanbelanget rint de Omrop moai gelyk op mei it hjoeddeiske lanlik regear.

Earder al wie in iennige fatsoenlike programma de Koperen Tún al ferfongen troch Buro de Vries, dat allinnich mar spoaradysk wat oan kultuer/literatuer docht. Mar jo hawwe gelyk, wannear’t jo ek op myn persoan omseure, want wat is der eins mei it kulturele alternatyf Omrop Knilles bard? No, minsken, yn feite hat der in soarte fan fúzje west tusken Omrop Knilles en ensafh. Dat sa. Duo von Däniken sit no ek by ensafh.

No de Nachtrider noch! Hup Abe!

Mar ris rjappels en grienten en fleis ite jûn tink. Of in ôfpriisd bakje. Ik bin der noch net út.

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Okke BreilipKnillesde NachtRider Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Okke Breilip
Guest

Webstee fan Omrop Fryslân, ynkoarten ek in Braille!

Alle dagen nije blierren!

de NachtRider
Guest

Moat de NachtRider boppesteande utering fan Cornelis van der Wal – ommers ek redakteur fan ensafh – beskôgje as in formele útnoeging fan de ensafh-redaksje om syn aktiviteiten fuort te setten yn de spitigernôch noch altyd wat earmoedige omjouwing fan ensafh.nl? Of giet it hjir om opstiger sûnder doel of reden, dy’t slacht as in ferlostange op in skomgebakje? Korrespondinsje oer saken mei de NachtRider kin fia denachtrider@gmail.com.
De NachtRider sjocht fierdere stappen fan de kant fan de ensafh-redaksje fansels mei spanning temjitte.