Gjin prizen mear foar poëzij?

Yep, Knilles wie ek by de útrikking fan de Gysbert, it gie my fansels benammen om it fergese iten en drinken nei de plechtichheid. De busreis nei Boalsert wie nammers ek fergees, want it OV-chip apparaat wie stikken. Weromreis ek fergees, yn ‘e auto fan… -jo leauwe it net, mar it is wier- de literatuerbefoarderer. Opportunisme is my net frjemd, mar ik hie ek in slokje op, dat it wie my net hielendal oan te rekkenjen. Pier B. en André L. wiene ek mei, dat sa.

Sjueryfoarsitter Willem Verf, mei links op de eftergrûn Hindrik van der Meer en Bert Looper

Ik hie opnamen makke fan de taspraken, mar troch de galm yn de Martinitsjerke is it allegear min te ferstean. De teksten steane op ensafh. Wat my opfalt yn it advys fan de kommisje is dat de poëzij blykber hielendal bûtenboard falle sil, want der stiet: ‘… meitsje fan de Gysbert Japicxpriis definityf in oeuvrepriis en praat mei Tresoar ôf dat se sa gau mooglik mei relevante partijen wurkje oan de ynstelling fan in nije priis foar it bêste proazawurk fan bygelyks de lêste twa jier. En dêr hoecht de Provinsje finansjeel en organisatoarysk net oan by te dragen, dat Tresoar achte wurdt dêr tiid yn te stekken is genôch.’ Ik nim mar oan dat dit in fersin is. Oars brekt wat my oanbelanget de hel los.

 

Abe de Vries, (aldergeloks) op de rêch sjoch, yn Geheim Petear mei Hylke Speerstra 

Dy nije priis waard nammers op 17 oktober op dit plak al bekindmakke, mar troch gjinien oernommen. Oare kear better oplette, jonges en famkes!

Ik waarmje fannejûn snert op.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
adminOkke Breilip Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
admin
Admin

Sorry Okke, dyn reaksje siet by de spam!

Okke Breilip
Guest

Nijskjirrig jonkjes en famkes, Master Japix is ferneamd wurden troch syn dichtwurk.