Foebele, Brekke en Bamy

Jawis, efkes, in kertierke tink, nei it fuotbaljen sjoen juster. Ik betrape my der op, dat ik foar de Dútsers wie. Sûnt dy alderferskriklikste finale fan it WK ferline jier haw ik gjin wedstryd fan Oranje mear sjoen. Ik begryp ek net dat dy coach dêr noch sit, dy soe him deaskamje moatte.

Nee, Boeken fan Fryslân hat my noch net werom maild, de Ljouwerter Krante ek net. Ek guon minsken yn de útjouwerswrâld hâlde har net oan ôfspraken. Ik sil der mei brekke.

En wa hat it folgjende ynhâldsleas geswets skreaun? Trije kear riede.

Ljouwert/Fryslân 2018 jout ús de kâns om sosjale, ekonomyske en kulturele tema’s mei-inoar te ferbinen op in wize dy’t oars net mooglik wêze soe. It jout ús de kâns om op ’e nij oer ússels nei te tinken. Dat nije begjin is needsaaklik. It giet net om lúkse, it giet net om it safolste kulturele feest, it giet net om hobbys. Op it spul stiet in nij perspektyf foar in meartalige provinsjestêd en in minderheidstalige plattelânsregio. Op it spul steane oplossingsrjochtingen dy’t foar in protte ferlykbere gebieten yn Europa nijsgjirrich wêze kinne. Wy sels en ús bern steane op it spul. 

Oplossingsrjochtingen’. Heare! Se witte net wat se skriuwe.

Mar dan is der altyd noch:

Bamy

Comments 1