Oppewal skoffearret winner Gysbert Japicx-priis

Ik hie de nije edysje fan de Moanne al in pear dagen yn ‘e hûs foardat ik takaam oan it artikel fan Huub Mous, oer Leafdedea, fan Baron Sixma van Heemstra. It is in nijsgjirrich stik wurden, û.o. oer de ferskate ferzjes en edysjes fan dit boek. Josse de Haan hat krityk op ien fan dizze edysjes. Sels mar efkes lêze, ik haw der gjin miening oer, wit der net genôch fan. It is benammen de rigel oan de ein fan dit stik dy’t my opfoel. Ik sitearje:

Je kunt ook moeilijk staande houden, zoals Teake Oppewal letterlijk tegenover mij verklaarde, dat Josse de Haan zich ‘met een grote bek een plaats in de Friese literatur heeft veroverd’.

Ik haw noch efkes kontakt mei De Haan hân en ûntlokke him dit sitaat: ‘sa giet Tresoar om mei Gysbert Japicx-winners’.  Ik haw dêr neat oan ta te foegjen, útsein:

Jûn makaroany.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
sjieuwe borger
sjieuwe borger
10 years ago

hallo cor, frjemde oanhelling yn de moanne, want wat is der no sein wurden? dat it net sa is of dat it al sa is? groetnis, sjieuwe