Cornelis van der Wal

Ik bliuw thús

Der is fan alles te belibjen, dit wykein, foar literatuerleafhawwers. Lykwols, sa heart it blykber yn Fryslân: alles bart op de selde dei. Der is net ien dy’t soks in bytsje koördinearret. Soe dat net in skoane taak wêze foar dy menear dy’t… (sjoch blochke fan juster).

Freed soe ik my as hobbit ferklaaie kinne, en ek meidwaan oan in foarum. In oar foarum is dat fan Exploare The North. Dat sil grif net yn it Frysk wêze, jo moatte jo oanpasse, is’t net? En sa is der noch wol mear. Sjoch op de aginda fan ensafh.

Ik bliuw lykwols thús, ik bin oan it wurk. En guon koppen kom ik leaver ek net tsjin.

Jûn wer makaroany, dy wie tige slagge.


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.