Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 (ferfolch)

Hoi leave berntsjes! Meie jim noch efkes opbliuwe? Dan moatte jim heity of memmy mar efkes freegje oft jim de Moanne noch efkes lêze meie. Sis mar dat Omke Knilles it sein hat.

Omke Knilles wie in bytsje lilk en mislik wurden om’t Elske, de boaze styfhekse, hiele stoute dingen skreaun hie oer Omke Durk. Elske mient dat Omke Durk ek in skoalberntsje is, krektlyk as jim, en dat Omke Durk noch skriuwen leare moat! No, wy witte wol better, is’t net?

No sa, wy krije de Moanne der wer efkes by, wy wiene bleaun op side 46. Willem Verf hat mei de grutte baas fan Fryslân praat. En witte jim hoe’t dy baas hyt? Ja, jim hiene efkes spykt tink! It is John Jorritsma. Menear Jorritsma kin al Frysk prate! Fine jim dat net snoad? Hy is oars wol in bytsje stout, fynt Omke Knilles, want hy seit dat de grutte wrâld net op de Fryske Kultuer en Taal sit te wachtsjen. No wurdt Omke Knilles alwer in bytsje lilk! Mar gau fierder blêdzje. Omke Willem kriget in 6.8.

No, en dan komt der in stikje oer in grêfstien. Witte jim wol wat dat is? Dêr stopje se jim letter ek ûnder. Of se stekke jim yn ‘e brân. Nee, nee, net gûle! Hoho. It wie mar in grapke, hear. In ferhaaltsje fan neat, skreaun troch Lukas Cazemier. Omke Knilles jout Omke Lukas in 5.3. O, heden, no begjint Omke Lukas ek al te gûlen! Stil mar hear… Omke Knilles makket der in 6.0 fan! Sa better?

It folgjende stikje is fan Jan Jongsma, dy hat in hiel soad ferstân fan de Fryske taal. Hy hat it oer it alfabet. Sille wy it alfabet ris meiïnoar opsizze? Ja, it Hollânske alfabet. Toe mar. ABCDEFGHIJKLMNOPQRSTUVWZ! Hielendal goed! Omke Jan hat sa syn bêst dien, dat hy kriget in 7.2.

No, en dan krije wy in stikje fan Bouke Slofstra, dy is ek hiel geleard. Hy skriuwt oer… Ja, Omke Knilles leaut dat it oer taalkunde giet. Mar Omke Bouke skriuwt net sa hiele goed, de styl is striemin, dat Omke Knilles kin it hast net lêze… In 5.9.

No, en as lêste stiet der yn de Moanne in stikje fan Huub Mous. Omke Huub hat in pear Fryske boeken lêzen en no lêze wy wer wat Omke Huub oer dy boeken skriuwt. No sa, in 7.1.

No, wie dat net moai? Hawwe jim al iten? Omke Knilles sil seane rjappels ite mei Schnitzel en seane prei.

Oant de oare kear!

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

No sa, sa kin it wol wer, no.