KH2018 / C1000 + updeet

Ja, jo hawwe gelyk, ik soe nei de opera yn it Ljouwerter Filmhûs, lykwols… ik haw my fersliept. Hie de trein fan 09:30 al hawwe moatten, en dat is eins tefolle frege fan ien dy’t yn de neare nacht noch dwaande is mei de ferheffing fan it Fryske Folts, wat literatuer oanbelanget.

Hiel aardich, de Nachtrider (Abe de Vries) giet wer troch mei it ferkeapjen fan leagens. Ik soe sizze: kom ris mei in goed ferhaal oer Fryslân 2018 en ferfal net yn geswets en doch net oft de Himel op de Fryske Ierde deldale sil, as it trochgiet.

‘Wy sels en ús bern steane op it spul. ‘ Dat skreau Abe. Mei oare wurden: as Fryslân 2018 net trochgiet, dan geane wy DEA, ALLEGEAR!

Fryslân 2018 is, sa’t in wiis man my lêst yn ‘e earen flústere, KH2018 is allinnich mar bedoeld om jild binnen te heljen, it giet hielendal net om kultuer. En it giet fansels ek om ego’s, dat hawwe jo altyd.  Mar Abe fertsjinnet sels ek in bûssintsje oan dit no al mislearre projekt, en is alsa ferplichte om jûchhei-teksten oer KH2018 te produsearjen.

It komt der op del dat der miljoenen fuortsmiten binne, troch in ferkeard management, troch sweverige flapdrollen yn te setten. Troch te mienen dat Fryslân in stêd is.

In posityf punt is dat Abe, fansels nei ynstruksjes fan dizze kant, it al leard hat om syn links goed te pleatsen. In betankje soe wol op syn plak wêze, no? Nee, ynstee dêrfan waarden myn goedbedoelde advizen fuorthelle! It moat net mâlder wurde.

Updeet 1: Ik haw bamy rames helle en gjin fisk bakt.

Updeet 2: noch mar in linkje!

Sil aansens efkes nei de nije C1000, it wurdt eat mei fisk fannejûn.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

Jo koene fansels ek sa no en dan in link
nei it log fan Huub Mous pleatse, want dêr helle jo hielwat informaesje wei, no.

Abe
Abe
9 years ago

Hee Cor, ik wurkje oan dat ferhaal, mei oaren. Do net. Takom wike mear nijs!