Pûde mei Chrome

Ik bin wer foar de safolste kear oerstapt. Nee, net fan de SP nei de PVV, of fan anty KH2018 nei pro KH2018…

Fan de blêderer Opera nei Chrome. Se hawwe beide har foar- en neidielen. It grutste foardiel fan Opera is fansels dat alles ek yn it Frysk ynsteld wurde kin, en sa’t jo witte: yn it Frysk is alles better.

Lykwols, Chrome hat de lêste tiid wol safolle prachtige útwreidingen (extensions) krigen, dat it wetter my yn ‘e mûle rint. It hâldt my dan al wat fan myn literêre aktiviteiten ôf, mar dat moat ik dan letter mar ynhelje. Moarn der mar betiid ôf. Ik haw ek it idee dat Chrome krekt wat rapper is, hjir ûnder Linux alteast.

Wa ferfrysket Chrome ris in kear? As ik in pûde mei jild krij, dan wol ik dêr sels wol oan meiwurkje. Hee… faaks kin it ûnderdiel fan KH2018 wurde? Dan wurd ik daliks foarstanner.

Aansens rys mei sambalbeantsjes en lûmpia.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of