oprop: grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift ensafh

Grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift Ensafh

Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 26-01-2012 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne. Ek streektalen en oare minderheidstalen binne tige wolkom!

Omdat foarlêzen toarstich makket krije de dichters en foarlêzers allegear twa konsumpsjes fergees.

Wêr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Sneek
Wannear? Op 26-01-2012
Hoe let? Tusken 20:00 en 23:00 oere

Redaksje Frysk Literêr Tydskrift Ensafh

Klik hjir foar de lokaasje fan café Vellinga yn Snits
Klik hjir foar de side fan Literêr Tydskrift ensafh
Klik hjir foar de side fan Nationale Gedichtendag

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of