Surrealistyske sosaaiety

Ik wie niiskrekt efkes by dit barren. Net ferkeard, al wie der al wat te min wyn ynkocht. Dêr stie tsjinoer dat der oaljekoeken serveard waarden, ik haw der twa hân. En trije glêzen reade wyn. Ik hie my oant no noch net sa’n soad yn it Snitser sosaaiety- en keunstlibben fan Snits fertoand, mar ik wit no wêr’t ik wêze moat. Fansels haw ik de grutte poëzijjûn fan ankom 26 Jannewaris al efkes te sprake brocht, ek by Wigle Sinnema, de wethâlder fan û.o. kultuer en Frysk.

Ik hie der oerhinne lêzen, mar in reaksje fan Josse de Haan wiisde my op in blochke fan in sekere Abe de Vries. Abe hie in pear dagen lyn in primeur! Klik op it plaatsje, want faaks wurdt it skriuwen aansens wer fuorthelle. Abe toant himsels in grut kenner fan de Frânske poëzij.  Surrealistyske romantyk, ik hie der noch nea fan heard! En dat Baudelaire en Apollinaire romanstyske surrealisten wiene wie my ek net bekend! Tankewol Abe! Jo binne noait te âld om te learen.

Tja, in reaksje fan my hjiroer hat De Vries fansels wer fuort sensurearre. De wierheid hat in skel lûd. Dus.

No! Ik sil aansens rys en beantsjes opwaarmje + pindasaus en bapao

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of