Lekkel Kultuleel

Ja, mar wer ris oer de Kulturele Haadstêd 2018. Wigle Sinnema, dêr’t ik juster mei prate, is ek in grut foarstanner fan dit projekt. In oprjocht man, liket my ta. Iksels haw oant no ta grutte beswieren hân, it is hielendal ferkeard opsetten, mei in kertiermakker, Henk Keizer, dy’t hielendal neat mei Fryslân hat, en der ek hielendal neat fan ôfwit. It moast sa nedich wer ien fan bûten Fryslân wêze, se koene diskear tink gjin Flaming fine.

En sjoch no ris nei dy side fan Fryslân 2018. Yn it foarste plak: wêrom hjit it noch sa? It is ommers Ljouwert dat no de hûnekarre lûke moat? Want, sa die okkerdeis bliken, Fryslân is gjin stêd. En wêrom is dy side net folslein twatalich? It Hollânsk slacht foar master op. Mei in goed fergrutglês kinne jo noch wat Frysk fine. It liket in bysaak, de Fryske taal. In webside is it úthingbuordsje fan in projekt minsken!

Der skynt al in diskusjestik yn it Frysk op te stean, mar wier, ik kin it net fine, mar ik bin fansels ek in bytsje digibetysk. De hear De Vries jout wer in kear gjin direkte link. Faaks kin ien fan myn tûke lêzerkes dizze rare Sjinees (it resultaat fan mear as in heale ieu bamy ite) efkes helpe?

Mar goed, dat stik. Ik bin bang dat it foar it grutste part troch Abe de Vries skreaun is, sjoen bygelyks de folgjende passaazje:

‘As yllustraasje: Ljouwert wol útgroeie ta in innovative Europeeske ‘Capital of Watertechnology’, wylst yn Fryslân in H2O-generaasje opkommen is dy’t in alvestêdefirus troch de ieren giselet. Dy generaasje siket yn Europeesk ferbân om in relevant perspektyf foar himsels en syn bern. In perspektyf dêr’t er mei oplûke kin tegearre mei oare en ferlykbere Europeeske plattelânsgebieten mei harren lytse stêden.’

Wat betsjut no de sin: ‘Dy generaasje siket yn Europeesk ferbân om in relevant perspektyf foar himsels en syn bern.’ Ik kin my der wier neat by foarstelle. Mar goed, it is net allegear ellinde. De opstellers hawwe it àl, yn tsjinstelling ta de kertiermakker Keizer, goed foar mei it Frysk.

De fraach dy ik hjir stel, is rjochte oan my sels. Kin ik noch foarstanner wurde? Ja, it kin. Mar dan moat it oars. Keizer der út, en der rinne ek wol mear fan sokke flapdrollen om dêre. Fan it begjin ôf oan is de yndividuele keunstner/skriuwer alhiel net yn it spul belutsen, as dat oars giet, dan bestiet de kâns dat ik noch meidoch.

Ik bin lykwols bang dat guon eh… minsken, dy’t KH2018 misbrûke yn har stribjen nei machtsposysjes en jildlik foardiel, it ferpeste foar de rest.

Hjoed is it Lekker Sneek, dêr helje ik tink myn miel wei.

 

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Knillesjohn bosma Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
john bosma
Guest