Klinysk Idioom

Noch mar krekt in bytsje bekommen fan it ferstjerren fan ien fan de grutste opera-komponisten fan hjoed de dei, kaam de folgjende skok: de katalogus fan Tresoar wurket net. Se binne de boel oan it fernijen, sa docht bliken. Ik soe fannemiddei wat nije boeken liene, mar kin net ynlogge.

Yn elts gefal, dochs mar nei 058 ta aansens, nei de oare helte fan Duo von Däniken, om in pear spektakulêre opname’s te meitsjen. It hat tink gjin doel en gean nei Tresoar ta, ik moat al wis wêze dat ik dêr liene kin.

Mar ik lien net allinnich boeken, ik keapje der ek wolris ien. Foar it byspikerjen fan it Fryske idioom haw ik lêstlyn Op ‘e Taelhelling, fan Douwe Tamminga oanskaft. Dat boek hat tink yn mear as 20 jier net iepenslein west, want de lucht dy’t der útkomt… Yn elts gefal rûkt it better as sa’n klinysk POD-produkt. Hiel aardich skreaun oars, jo stekke der ek in soad fan op.

Jûn waarmje ik de bamy rames op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of