Sarkastyske Anapest

Juster de nije ensafh op de matte krigen, en ik seach by Henk van der Veer dat de nije Moanne der ek al is, mar dy haw ik noch net krigen. It is yn elts gefal ien en al ellinde, mei de postbesoarging dizze dagen.

De ensafh giet diskear oer berneliteratuer, dêrom hie ik de teksten noch net sjoen. Dêrom ek in grutte ferrassing om te sjen dat twa fan myn gedichten oan de learlingen fan it Bogerman, hjir yn Snits, as lesmateriaal foarlein binne. De earme berntsjes! De gedichten Românse en Skjinhead giet it om. Ik sitearje de hear J. Bangma:

‘Dat liicht der net om. Neist it beneamen fan it metrum (jambe, trochee, anapest of daktylis – wie kent ze niet -) wurdt bygelyks ek frege nei de stylfiguer dy’t Van der Wal brûkt: persoanifikaasje, sarkasme, understatement, metafoar, hyperboal, wurdboarterij of paradoks. En de learlingen meie ek útlizze wat de dichter bedoelt mei stekkende bernegroeden (..) of myn fontanellen waarden iepene. De toets slút ôf mei (fraach 10): Wat is dyn miening oer dit gedicht en wêrom?’

Bin oars benijd wat dy antwurden dan west hawwe. Kin ik dat ek ris lêze?

Stampot andyvje iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of