Ynlogge op Koos

Ha goeie, dêr wie ik wer. Net dat ik fuortwest haw, mar der wie net folle te melden. Bin in ein opsketten mei de muzyk, ik begryp bepaalde digitale prosessen ynienen folle better. Ja, sa’t ik lêst al tsjin ien sei: myn brein mutearret noch altyd.

Moat ik ek wat oer begrutlike keardeltsjes skriuwe dy’t harsels, ûnder in skûlnamme, ferdigenje en stypje wolle? Nee, de namme fan dy persoan is al te folle neamd. Dat dogge wy no net. Wat al nijsgjirrich is, dat is dit berjocht. It hat op hassesboek stien, mar dêr doch ik net mear oan. Dus, Koos T. is in skriuwer. Dat stiet der. Yn it Frysk. Ik lûk de konklúzje: Koos T. is wer Frysktalige boeken oan it skriuwen. Lokwinske Koos!

En fierders is it in tizeboel by de katalogus fan Tresoar. Ik kin net mear ynlogge mei myn Iepenbiere Bibliotheek account. Samar efkes feroare, sûnder útlis wat dan ek. No kin ik dus net sjen wat ik allegear oan boeken thús haw. Ik sil der yn elts efkes hinne fannemiddei. Haw se fansels efkes maild, mar jo riede it al…

Waarm iten fannejûn, dat stiet fêst. Mar wat?

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of